
Sosjale media en freonskip:
Ferhalewedstriid foar jong skriuwtalint
Seis skriuwers oer har ynspiraasje
op wykein yn Riis

Lês mear »
Oer de Digitale Biblioteek fan de Fryske Literatuer
en de werútjefterige ‘Nije biblioteek’
Yn 2008 krige Tresoar subsydzje út it lanlik budzjet ‘Digitaliseren met beleid’ foar it opsetten fan in nije Fryske literatuerwebside, letter Sirkwy neamd.
Ofpraat waard dat de website trije fasetten biedt:
a. in yntegrale presintaasje fan alle dokuminêre ynformaasje dy’t Tresoar hat oer skriuwers en oaren dy’t yn ferbân mei de literatuer yn Fryslân fan belang binne, beskikber hat;
b. in poadium foar minsken om te reagearjen op of har te uterjen oer allerhanne saken dy’t de Fryske literatuer betreffe;
c. in digitale biblioteek fan in tal byldbepalende Fryske literêre wurken.
Digitale biblioteek
Foar it opsetten fan de digitale biblioteek is kontakt socht mei de Stichting DBNL, Digitale Biblioteek voor de Nederlandse Letteren, yn Leien. De DBNL hat in protte ûnderfining mei it oanbieden fan besteande teksten op ynternet en wie dwaande mei it ûntwikkeljen fan in aparte ôfdieling foar Afrikaansk en Surinaamsk. In ôfdieling Frysk soe dêr sûnder problemen oan taheakke wurde kinne.
Sa waard besletten dat Tresoar en DBNL yn ’e mande in DBFL opsette soene, in Digitale Biblioteek fan de Fryske Literatuer.
It takende subsydzjebedrach bepaalde it oantal bledsiden dat digitalisearre wurde koe (dat die bliken 20.000 te wêzen), en by einsluten kaam dat del op 83 titels.
Foar it scannen waarden eksimplaren fan de boeken troch Tresoar oanlevere oan DBNL, dy’t dêr hege resolúsje pdf-bestannen fan meitsje liet en ek digitale xml-bestannen. De lêste waarden makke mei ocr-techniken en troch hânmjittich yntypen. De xml-files binne brûkt foar de skermpresintaasje fan de teksten yn in eigen opmaak. De gedachte om ek pdf-bestannen beskikber te stellen waard loslitten. Mei de komst fan e-readers soene frije dellaadbere pdf’s de teksten te maklik fergees beskikberstelle.
Rjochten
De DBNL wurket mei in model-oerienkomst mei rjochthawwers, wêrby’t de lêsten tasteane dat it tekstmateriaal fergees yntegraal op ynternet beskikber steld wurdt, yn in eigen skermopmaak – dus net as boekside – foar stúdzje, neislach, of it meitsjen fan in thúsprint op losse A4. De oerienkomst hâldt ek yn dat de rjochthawwers op elk stuit fersykje kinne de beskikberstelling yn de digitale biblioteek stop te setten. Op dy basis waarden ek de rjochthawwers fan de Fryske teksten frege om tastimming, wat troch hast allegear ynskikt waard.
Seleksje fan titels: earste kritearia
De seleksje fan de boeken dy’t digitalisearre wurde moasten yn it ramt fan it projekt, waard útfierd troch
It meitsjen fan dy seleksje wie net in maklike opjefte. Der is folle mear belangryk materiaal foar hannen as de 20.000 siden dêr’t finansjele middels foar beskikber wiene, it ferskaat fan sjenres is grut en der is net folle sekundêre literatuer.
Dêrom giene de meiwurkers fan Tresoar yn earste opslach tige pragmatysk te wurk troch de folgjende kritearia te hantearjen:
1. As sjenre waard keazen literêr proaza: roman, ferhalebondel, novelle, reisferhaal, essaybondel, jeugdroman, (auto)biografyske net-fiksjonele tekst ensfh.
2. It wurk moast neamd wêze yn it Lyts hânboek fan de Fryske literatuer (1997) en yn Zolang de wind van de wolken waait (2006), en ferskynd wêze yn 1945 of letter.
3. It wurk moast net mear leverber wêze (stân desimber 2008, neffens opjefte It Fryske Boek).
4. De trije wichtige literatuerskiednisboeken fan nei 1945 moasten ek opnommen wurde.
Kommentaar klankboerdgroep
Yn jannewaris 2009 joech in klankboerdgroep mei dêryn fertsjintwurdigers fan ferskillende ynstellingen kommentaar op de seleksje dy’t makke wie op basis fan de boppeneamde kritearia. De ynstellingen wiene: Afûk, Bibliotheekservice Fryslân, Fryske Akademy, It Fryske Boek, Ryksuniversiteit Grins, It Skriuwersboun.
De leden fan de groep wiene fan betinken dat de oanpak te pragmatysk wie. It belang fan it útkeazen wurk moast net allinne gearhingje mei foarkommen yn de beide literatuerhânboeken, der wiene ek noch oare kritearia foar seleksje mooglik, lykas foarkommen yn ien fan de twa rigen ‘Fryske Klassiken’ of bekroaning mei in priis. Fierder hâlde it lûken fan in grins by 1945 yn dat guon skriuwers yn de seleksje opnommen waarden mei kwalitatyf minder wurk, omdat sy har bêste boeken foar 1945 skreaun hiene, en soene âldere wichtige auteurs hielendal misse. En ta beslút soe wurk fan 1996 en letter by definysje ûntbrekke, omdat it Lyts hânboek yn 1997 ferskynd is.
Yn de klankboerdgroep bestie gjin ienriedigens oer de fraach hokker doelgroep Tresoar op it each hawwe moat mei de website Sirkwy: de lytse groep fan literatuerwittenskippers of de gruttere groep fan lêzers dy’t mei help fan de site op ’e smaak brocht wurde fan de Fryske literatuer. It projektplan dêr’t Tresoar subsydzje foar krigen hat, leit de klam op it lêste, mar wol dúdlik mei it doel om minsken dy’t mear witte wolle en mear melde wolle oer Fryske literatuer ek te betsjinjen.
Kritearia oanpast
Op grûn fan it kommentaar paste Tresoar de kritearia foar de seleksje oan en keas it foar de folgjende kategoryen boeken:
1. De trije literatuerskiednisboeken fan nei 1945, en it neislachwurk Skiednis fan de Fryske biweging fan Sjoerd van der Schaaf, dat foar in goed begryp fan de kontekst fan de ûntjouwing fan de Fryske literatuer ûnmisber is.
2. Alle 26 titels fan de Fryske Klassiken.
3. Alle priiswinnende proaza-titels fan de folgjende literêre prizen: Gysbert Japicxpriis, Simke Kloostermanpriis (foar safier takend oan jeugdboeken), Fedde Schurerpriis, Piter Jellespriis en Rink van der Veldepriis. As in literêre priis net foar ien spesifyk boek takend wie, moast in seleksje út it wurk fan de bekroande auteur makke wurde.
4. ‘Echt klassike boeken’: Boeken dy’t eins yn kategory 2 thúshearre, mar dy’t om hokker reden dan ek net yn de beide rigen Klassiken opnommen binne. Yn dizze kategory sitte trije titels fan foar 1945, sadat de hiele seleksje yn totaal 15 titels befettet fan foar 1945; dêrfan 4 út de 19de ieu.
Yn de oersjochslist oan de ein fan dit stik binne boppeneamde fjouwer kategoryen werom te finen mei resp. de koades H, K1, K2, P en E. It totaal tal siden kaam op amperoan 20.000, en dêrmei wie de taseine limyt berikt.
Kritearia nochris oanpast
Lykwols, yn de boppeneamde seleksje ûntbrieken nei it ynsjoch fan de gearstallers noch in tal markante titels fan nei 1945, dy’t neamd wurde yn it Lyts hânboek en yn Zolang de wind van de wolken waait of, fan 1996 ôf, allinne yn Zolang de wind… Mei ‘markante boeken’ waarden dan bedoeld boeken dêr’t it folgjende foar jildt: represintatyf foar in bepaald soarte proaza (bg. tematyk, subsjenre) of foar it wurk fan in auteur mei in omfangryk oeuvre; faak werprinte; nijsgjirrige resepsje; ferfilme; oerset yn Nederlânsk of oare taal.
De folsleine list fan ‘markante titels’ berûn 34. It wie ûnmooglik om dy allegear ek noch op te nimmen. Om dochs wat romte te krijen waarden dêrom trije tsjokke boeken út de boppeneamde seleksje weilitten: J.P. Wiersma syn Aldfaars grûn, dat as Klassiker yn 2001 op ’en nij ferskynde en begjin 2009 noch altyd leverber wie, en de twa dielen Hillige Histoarje fan Ulbe van Houten. De skriuwer krige foar dy boeken yn 1955 de Gysbert Japicxpriis, mar de priis gau doe ek De sûnde fan Haitze Holwerda, dat wol opnommen waard. Van Houten is ek yn de seleksje fertsjintwurdige mei de Klassiker De rook fan it lân. Troch it weilitten fan dy trije mânske boeken kaam der wer romte foar it scannen fan 1600 siden. De dêrfoar útsochte ‘markante titels’ binne yn de list werom te finen mei koade M. De seleksje kaam sa by einsluten út op 85 titels mei hast 20.400 siden.
Tastimming fan de rjochthawwers
Lykas boppe al sein, de rjochthawwers joegen hast allegear tastimming foar opnimmen fan har tekst yn de digitale biblioteek. Der kaam gjin tastimming fan de Erven Brolsma foar it opnimmen fan Grûn en minsken en de Heechhôf trilogy fan Reinder Brolsma, en Steven H.P. de Jong woe De Wuttelhaven del net frijjaan, omdat dêr in nije printing fan ferskynt by de Friese Pers boekerij bv. Ek foar Zolang de wind van de wolken waait kaam gjin tastimming fan de útjouwer, om’t dat boek noch rom foarhannen is yn de winkel.
Hokker printing?
By de kar fan de te digitalisearjen printing stiene de belangen fan twa brûkersgroepen heaks op elkoar: wittenskippers en ‘gewoane lêzers’. De earstneamden sjogge it leafste in útjefte fan de earste printinge fan in roman, de lêsten hawwe it leafste in útjefte yn de stavering fan hjoeddedei.
No liket it probleem slimmer as dat it is: alle titels fan nei 1980 binne al yn de gongbere stavering, en by de 25 titels út de rige Klassiken is hyltyd de earste printing útjûn yn in nije edysje yn hjoeddeiske stavering. Om wille fan de lêsberens hat Tresoar der foar keazen om sa folle mooglik in útjefte fan in titel te digitalisearjen út de tiid nei 1980, doe’t de ‘nije stavering’ yn gebrûk nommen waard.
Lettere printingen wike tige ôf fan eardere by De fûke en by Feroaring fan lucht fan Rink van der Velde en by De Gouden Swipe fan Abe Brouwer. Yn dy gefallen is sa besletten: by it boek fan Brouwer is keazen foar de de nijere ferzje, om’t dêr in protte printingen fan binne en dy ferzje dus de meast gongbere wurden is. By de twa titels fan Van der Velde leit dat krekt oarsom en waard yn earsten de eardere ferzje oanhâlden.
Skermopmaak
DBNL en Tresoar hawe ôfpraat dat elk de teksten presintearje sil yn de eigen skermopmaak. De ombaljende ynformaasje (lykas kolofons, opdrachten en oare bûtentekstuele ynformaasje) stiet allinne by de DBNL; Tresoar ferwiist dêrhinne. De digitale presintaasje biedt de mooglikheid om de teksten mei noaten ta te ljochtsjen of – ûnder ferantwurding – te korrizjearjen. Wêr’t dat mooglik en needsaaklik is, sil dat yn de rin fan de tiid útfierd wurde.
Printing-on-demand rige ‘Nije biblioteek’
Yn de rin fan it projekt oppenearre him de mooglikheid om de digitaal beskikbere boeken op ’en nij út te jaan mei in printing-on-demandsysteem, koartwei ‘pod’. By pod wurde gjin foarrieden fan in boek makke, en wurdt it boek pas printe as der in bestelling foar it boek is. Trochdat der gjin hege oanrinkosten en gjin opslachkosten binne, is sa’n produksjewize by lytsere oantallen guodkeaper, ek al is de kostpriis fan ien apart printe boek heger as wannear’t men tûzen tagelyk meitsje lit.
Dy pod-mooglikheid wie yn it projekt ‘Digitaliseren met beleid’ al foarsjoen. Tresoar en DBNL seagen no in kâns om boeken dy’t al lang net mear te krijen binne, op ’en nij yn print út te jaan. Utjouwerij Elikser, yn Fryslân de iennichste útjouwerij mei romme ûnderfining op it mêd fan pod-produksje, waard frege mei te dwaan as partner. Sa ûntstie de projektgroep TDE. Elikser stiet dus bûten de digitale biblioteek en is allinne behelle yn de pod-produksje. It beslút boeken mei pod op ’en nij op ’e merk te bringen hie as konsekwinsje dat de beide toptitels fan Van der Velde, Feroaring fan lucht en De fûke, no ek yn de sterk wizige ferzje yn de nije stavering yn de digitale biblioteek opnommen waarden, nêst de besteande oarspronklike ferzjes yn de âlde stavering.
Fan de Provinsje Fryslân en it JMFonds kaam in subsydzje om de inisjele kosten foar it opsetten fan de útjefte-rige te dekken. De rige krige as namme ‘Nije biblioteek’ en it omslachûntwerp waard fersoarge troch Hannie Pijnappels fan Grins.
De oare útjouwers
Op in gearkomste mei de útjouwers fan de digitalisearre Fryske boeken foarde dbfl, te witten Friese Pers boekerij bv, Afûk, Fryske Akademy, Bornmeer, Frysk en Frij en de kffb, hâlden op 15 jannewaris 2010, waard ôfpraat dat net allinne Elikser mar ek sy by it foarnommen ferfolch betrutsen wurde soene. De útjouwers stelden fierder wiis te wêzen mei it projekt, mar ek dat sy net automatysk oan TDE in lisinsje jaan soene foar de eksploitaasje fan alle titels út de seleksje. Sadwaande dat in oantal mear populêre titels net as pod-útjefte beskikber binne, ek al binne se wol opnommen yn de digitale biblioteek.
In fierdere beheining fan de pod-plannen waard feroarsake troch it feit dat in tredde subsydzjejouwer dy’t TDE op it each hie foar subsydzje yn dizze eksperimintele faze fan de ûntwikkelingen net by steat wie om subsydzje te jaan.
Resultaat
De útkomst is, dat no op de websiden www.dbnl.org en www.sirkwy.nl in Digitale Biblioteek fan de Fryske Literatuer presinteare wurde kin mei 83 titels. Fan dy 83 titels binne 50 as pod-boek beskikber fia beide websiden en fia www.elikser.nl. Yn de heine takomst sil der ek wurk makke wurde fan it oanbieden fan de bestannen as e-book foar e-reader.
Wy binne der fan oertsjûge dat dizze earste risping digitalisearre titels in moai palet jout fan Frysk proaza. It besef dat it ek ûnfolslein is, wurdt goedmakke troch ús foarnimmen om op termyn noch folle mear wurk digitaal te ûntsluten. Ut soarte komt de poëzij dan ek oan bar.
Jelle Krol
Tresoar
9 april 2010
List fan de boeken yn de DBFL
Foarnamme Titel Krit Sjenre 1e pr Keazen Utjwr As pod Abma Willem De roekkat M R 1986 1986-1 FPB x Akkerman Paulus It Freark Jabiks folk K1 R 1946 1994-3 FPB x Akkerman Paulus Hessel Ypma K1 R 1949 1993-3 FPB Akkerman Paulus Foar de lins P F 1968 1968-1 FPB/*LC Annema Froukje Sûnder garânsje M R 1992 1999-3 FPB x Berga Wilco Hauk en hazze P N 1993 1993-1 FPB x Bilker Jetske Imitaasjelear P R 1988 1988-1 *KU x Boersma Piter It libben sels P R 1997 1997-1 *KU x Brouwer Abe De Gouden Swipe E R 1941 1985-12 FPB x Bylsma Meindert Shit my mar lek M R 1998 1998-1 *KU x Cuperus Watse Swart mar leaflik K2 R 1949 1998-3 FPB x Dam Eppie Dingeman krijt wjukken P J 1999 1999-1 Afûk Dykstra Waling De silveren rinkelbel K2 R 1856 2003-8 Afûk Dykstra Klaes Lyts hânboek fan de Fryske literatuer H H 1977 1997-2 FA gt Eernstma Homme Leafdedea E R 1963 1994-2 *KU Fear Ypk fan der Ta him dyn begearte K2 R 1949 1999-4 FPB x Fear Ypk fan der Eilân fan de silligen P R 1966 1981-2 FPB x Fear Ypk fan der In fatsoenlik famke M A 1984 1984-1 FPB x Feitsma S.K. Ut 'e ûnderste lagen K2 F 1991 1999-2 *KU Folkertsma E.B. Eachweiding P E 1950 1950-1 *Kamm Goïnga Hylkje Hynstefigen M F 1990 1990-1 FPB x Goïnga Hylkje Frijende kikkerts E R 1985 [1986?] 1985-1 FPB x Haan Josse de Piksjitten op Snyp P R 1999 1999-1 *KU x Haisma Nyckle Peke Donia de koloniaal K1 R 1943 1993-6 Afûk x Haisma Nyckle Simmer P N 1948 1948-1 *St IFB x Halbertsma Bruorren Rimen & Teltsjes K1 F 1871 1994-11 FPB Holtrop T.E. De wylde boerinne en oar wurk E NF 1915 1979-1 FA x Houten Ulbe van De sûnde fan Haitze Holwerda P R 1939 1983-9 *Tille x Houten Ulbe van De rook fan it lân [mei Ein fan 'e mars (1945)] K1 F 1943 1994-3 Afûk x Jong Hoatse de Trude, roman fan in hynder K1 R 1953 1994-4 FPB Kiestra D.H. De froulju fan de fetweider K1 R 1937 1993-3 *KU x Kloosterman Simke De Hoara's fan Hastings K1 R 1921 1992-7 FPB x Kloosterman Simke It jubeljier K1 R 1927 1994-4 Afûk x Krol Jaap M/F P R 2006 2006-1 Born Leest Reinder van der Komme dy Kepers? Boef fan Rys K2 R 1969; 1972 2001-2 *KU Leest Reinder van der Cap Sud P J 1980 1980-1 *KU x Meulen T.G. van der In brulloft yn 'e Wâlden en oare wiere forhalen E F 19de E 1974-1 FA x Miedema Hessel Op 'e literarie toer E F 1973 1973-1 *KU x Mulder Tiny Tin iis E R 1981 1986-2 FPB Peanstra Auck Sitebuorren, myn eigen paradys P R 2007 2007-1 *Venus Piebenga Jan Koarte skiednis fan de Fryske skriftekennisse H H 1938 1957-2 FA x Piebenga Tjitte It lyk wurdt oantaast K2 R 1968 1998-2 *KU Ploeg Durk van der De jacht E R 1988 1988-1 FPB Pollema B.R.S. Lok en lijen K2 F 1935 2000-2 *KU Poortinga Ype De ring fan it ljocht E FF 1976 1976-1 FA x Poortinga Ype Elbrich I en II K2 R 1947-49 1998-3 Afûk Riemersma Trinus Fabryk P R 1964 1995-6 *KU Riemersma Trinus Minkrotten-Rotminsken M R 1966 2008-4 *KU Riemersma Trinus De Reade Bwarre P R 1992 1993-2 *KU x Schaaf Sjoerd van der Abbingawâld K2 R 1947 1999-2 Afûk Schaaf Sjoerd van der Skiednis fan de Fryske biweging H,P H 1977 1977-1 FA/*Tille x Schaaf Sjoerd van der De bijekening P R 1981 1981-1 FPB x Schoorstra Willem Swarte ingels P R 2004 2004-1 F&F x Schurer Fedde De besleine spegel K2 A 1969 1998-2 FPB x Sijens Doeke Sa'n tûzen blauwe skriften P B 2001 2001-1 *KU Smit Jo Bisten en boargers P F 1959 1959-1 *Lav Smit Jo Wês foarsichtich Watse K2 R 1968 2000-2 Afûk Speerstra Hylke It wrede paradys E F 1999 2001-8 FPB/Bm Steenmeijer Tineke De oare helte P R 1997 1997-2 FPB x Tamminga D.A. De boumaster fan de Aldehou P R 1985 1985-1 FPB x Terpstra Piter Fjouwer minsken yn in stêd K1 R 1956 1995-3 Afûk x Tiemersma Koos De ljedder P R 2002 2002-1 FPB x Tjerkstra Willem Ridder fan Snits I P R 1999 1999-1 KFFB x Tjerkstra Willem Ridder fan Snits II P R 2000 2000-1 KFFB Tjerkstra Willem Ridder fan Snits III P R 2001 2001-1 KFFB Veen H.G. van der De kaartlizzer K1 R 1856 1994-3 *KU Veer Akky van der Swart op wyt P J 1985 1985-1 FPB x Velde Rink van der Feroaring fan lucht P R 1966 1974-7 FPB Velde Rink van der Feroaring fan lucht [útwreide edysje] P R 1966 2004-16 FPB Velde Rink van der De fûke P R 1966 1970-2 *Lav Velde Rink van der De fûke [wizige edysje] P R 1966 2005-10 FPB Velde Rink van der Sa wie ’t sawat M AF 1997 1997-1 FPB Verf Willem In delgeande tiid P F 1983 1983-1 FPB x Wadman Anne Kritysk konfoai P E 1951 1951-1 *Lav x Wadman Anne De smearlappen E R 1963 1983-6 FPB x Wadman Anne Mei Abraham fûstkje M AEF 1969 1969-1 *Lav x Wadman Anne In bolle yn ’e reak P R 1986 1986-1 FPB x Wadman Anne De frou yn ’e flesse P R 1988 1988-1 FPB Wadman Anne It kritysk kerwei M E 1990 1990-1 FA x Wadman Anne Oer oarmans en eigen M E 1994 1994-1 FA x Wind Harmen It ferset P R 2004 2004-1 Afûk Wybenga Jan Moai waar en lange dagen M A 1981 1981-1 *Lykle J x Kritearia Literatuerhistoarysk belang H Rige Klassiken I of II K1,2 Priiswinnend boek P Klassiker ûnbetwist E Markant boek M Sjenre (literatuer)skiednis H roman R novelle N autobiografy of oantinkens A jeugdboek J ferhalen F folksferhalen FF essays en kritiken E biografy B

