|
Jetske Bilker
TSJUSTER EN FERHEVENBesprek fan Swarte Ingels, debútroman fan Willem Schoorstra In kritikus dy’t printkladden lêst om de resinsje op tiid klear te hawwen is net mear bysûnder, mar oeral de laptop hinne slepe lykas men oars in boek oeral hinnetôget, wie nij. En, haw ik it stoffelike aspekt fan it boek mist? Nee. Hie it net fiele en it net rûke kinnen in negative ynfloed op myn oardiel? Nee. De ynhâld hefte sok gemis op. Sa hie dit boek my yn ’e besnijing: oeral en nergens sette ik myn kompjûterke oan om dochs foaral fierder te lêzen. De titel spriek my op it earste gesicht net oan, dy die my tinken oan it ûnbegryplik tsjuster proaza, dêr’t in mins net altyd mei likefolle entûsjasme yndûkt. En earlik sein, nei it lêzen fan ’e earste siden wie ik noch net entûsjast. Ik krige it idee dat hjir werris in skriuwer oan ’e gong wie in bekend stramyn fan debútromans út te wurkjen: de tiid fan no ferklearje oan ’e hân fan flashbacks en sa syn eigen libben op papier sette. Mar al gau die bliken dat it oarsom wie: de roman giet foaral oer de ûntjouwing fan in jonge yn ’e jierren santich en de stikken no-tiid fan it begjin blike hiel koarte flashforwards te wêzen, dy’t aaklich op harren plak falle as we oan de ein wer yn de tiid fan it no belâne binne. En de titel – dy’t mar ien kear yn it boek foarkomt – is dochs goed keazen, hy tsjut de magyske ynhâld fan it beskreaune oan: dat wat tsjuster en tagelyk ferheven is. IEN HUSHALDING Haadpersoan Hilbrand fertelt yn ik-perspektyf oer syn heit, syn mem en syn suster Fardou. In tige tagonklike en werkenbere sitewaasje: hús-, tún en keukentafrieltsjes en in soad romte en sinneljocht. De wrâld is oersichtlik: de pleats, de skoalle, de slûs dêr’t se swimme, de stêd mei in bioskoop, en in kafee ‘It hoekje’, in dropping witwêrsanne organisearre troch in jeuchdsoos fan de tsjerke fan in freon. En dan noch Pake Hero en Beppe Antoinette, dy’t fier fuort wenje en dêr’t se mei in trein hinne moatte, dat wol sizze de mem en de beide bern, want heit giet noait mei. Dat de heit en de mem net goed meiïnoar kinne liket in gegeven, mar hieltyd komt dit motyf fan de relaasje fan de âlden werom. Yn earste ynstânsje giet it ferhaal oer harren beide bern, Fardou en Hilbrand. Al as bern sykje se treast by-inoar. Se wenje mei har fjouweren op de pleats want heit is boer. Mem is artistyk: ‘fielt de Zeitgeist as in kompas de poal’, en sa’n ferskil soarget foar hieltyd djippere kleauwen tusken de beide âlden. De mem wol de bern in soad kultuer meijaan, de heit nimt op in stuit de opfieding oer - as se 10 en 11 jier binne - en stjoert de bern nei swimles omdat er bang is dat se oars suertsjes wurde. Dat momint is it begjin fan in drama, dat earder al in offisjeel begjin krigen hat as Fardou en Hilbrand inoars bloed drinke om in magyske bân te smeien. De heit hie betocht dat se tenei net mear byinoar sliepe mochten, se moatte grut wurde. Oant safier fûn ik it noch net in hiel bysûnder boek: in heit en mem dy’t sawat yn skieding lizze, in broer en suster dy’t fan ’e weromstuit nei inoar talûke en dy’t oan harren bân in romantysk tintsje jouwe, de bloedbân – dy’t se fansels al hienen. As Hilbrand himsels tajaan moat dat er fereale is op syn eigen suster, liket de roman deselde tematyk te behanneljen as De eeuwige jachtvelden fan Nanne Tepper. Mar dêr’t Tepper de leafde en jaloerskens fan de broer en de ûndúdlike hâlding fan de suster beskriuwt, giet Schoorstra in pear stapkes fierder. De suster is hjir in hekse, dy’t hieltyd it foartou nimt en dy’t hieltyd in pear stappen foar is op har broer. DRAMA YN IEPEN FJILD EN BY LJOCHTSKYNDEI Stap foar stap folgje wy Hilbrand yn it drama en alles liket like logysk en ûnûntkomber. De twa ûntjouwings yn it ferhaal binne de relaasje fan de âlden en dy fan harren beide bern. Dy ferhaallinen binne ferweven. Soms liket it sels as lit Hilbrand him liede troch de relaasje fan syn âlden as is dy syn iikpunt. Op in stuit hawwe Fardou en Hilbrand betocht dat se harren âlden in reiske kado jaan sille, sadat se miskyn wer meiïnoar yn petear komme sille. As se fjouwerisom op it Amelân binne, en it wer better giet tusken de heit en de mem, krijt de bloedbân fan Fardou en Hilbrand in oar karakter. Salang’t it tusken de heit en de mem goed giet, hawwe harren bern it ek goed tegearre. Der binne in pear kearpunten yn de relaasje fan de heit en de mem, en it aldergrutste is de begraffenis fan Pake Hero. Flak derfoar hat de heit útsprutsen wêrom’t er net nei de begraffenis giet en dat set alles wol yn in sadanich oar perspektyf dat der hast oan ’e ein fan de roman begrip komt foar de heit, dy’t dat de hiele tiid net hân hie, net fan Fardou en Hilbrand en ek net fan de lêzer. Hy hie him nochal swart gedroegen en de mem kaam eins allinne mar leaf en begripend oer. ‘Hastich rint er de keuken út. Fardou en ik sjogge elkoar oan. Wy beseffe allebeide dat er folle mear te fertellen hat, dat der helte mear te fertellen is. en dat er dat noait dwaan sil. en beide hearre wy it lûd fan almar mear stiennen dy' t by de berch del rôlje.’ Dit petear, dat de relaasje fan de heit en de mem yn in oar ljocht set, hellet de fûneminten ûnder de bân tusken broer en suster wei. Dy hat no gjin besteansrjocht mear. Op de begraffenis fan Pake Hero folget nochris in fersegeling fan de bloedbân dy’t se hawwe, in nei de kiel gripende sêne, mar dêrnei folgje trije hiel lytse haadstikjes, dy’t de ein ynliede. Sa’n ein moast er komme. No en dan wurdt der yn ’e roman wach makke fan ’e driging dy’t boppe dit húsgesin hinget. Mar just omdat it hast altyd moai waar is - yn ’e winter leit der iis sadat der wer by helder froastwaar reedriden wurdt en elkenien blier praat en laket – hat men it idee dat it hiele boek him by ljochtskyndei en yn iepen fjild ôfspilet. Lykwols, wat der mei Hilbrand en Fardou bart is in tsjustere saak, dy’t him yn it ferhoalene ôfspilet, dat is it skrille kontrast yn dizze masterlike roman. STYL EN KOMPOSYSJE Schoorstra kin skriuwe. Hy hat pretinsjes, dy’t er wiermakket. Natuerbeskriuwings, it beskriuwen fan ferskiljende ûnderfinings as it farren fan in boat op see, in dropping yn it tsjuster, it opheinen fan in tillefoanpetear tusken de heit en in ûnbekende minnares en syn ferwurkjen fan dat feit, dialogen tusken de húsgenoaten, it komt allegearre hiel natuerlik oer. De skriuwer beskikt net allinne oer in moaie natuerlike styl; de komposysje doocht ek hielendal. Swarte ingels liket my wol in boek foar in neier ûndersyk om te sjen oft men in mearlagige ynterpretaasje boppe wetter krijt. Yn alle gefallen is it elemint wetter in wichtich motyf. It giet mei it húsgesin goed as se by iepen wetter binne – de see – mar sadra’t se harren by sletten wetter befine - in swimbad, de Iselmar, in slûs, in iisbaan – is der sprake fan driging. Net om ’e nocht hat de mem in skilderij makke fan har beide bern op it strân by de see, in skilderij dat har blydskip symboalisearret, in skilderij dat oan ’e ein fan ’e roman stikken fike is. Schoorstra hat de fiktive werklikheid fan it persoanaazje Hilbrand beheind hâlden en as yn in skaakspul hat er de kenmerken fan dy werklikheid sa brûkt dat se meiwurkje oan it sluten fan it net boppe de hollen fan de protagonisten: de heit, mei syn radionijs, en bûtenechtlike ferhâlding en de rúzjes; de mem mei har elitêre ôfkomst, har skilderjen en har leafde foar har bern; Pake, earst by libben en dan by dea; it swimmen yn it swimbad en by de slûs. Alles komt ien of twa kear werom en wurket mei om stadich mar wis it swurd fan Damokles falle te litten. It boek hat it histoaryske dekor fan ’e jierren santich. Sa hearre Hilbrand en syn freon nei de nijste LP fan Deep Purple en nei Dark side of the Moon fan Pink Floyd. Alle lof!! It hat lang duorre, mar de jierren santich hawwe no ek de Fryske literatuer berikt. (Reden? Der skriuwe net safolle Fryske fjirtigers.) De bern geane nei de film Jaws en hearre as se yn it kafee komme Guus fan Alexander Curly. OAN ’E PIL? Mankeart der ek noch wat oan? Ja, it haadstik dat Fardou fertelt dat se oan de pil is, is net in goed skreaun haadstik. En de ynhâld is ek wat nuver. Sa wie se oan 'e pil gien, sûnder dat it nedich wie. Dat is wol apart yn 'e jierren santich, doe wie hast noch net ien oan 'e pil. De redenen dy’t se neamt om de pil te brûken wylst it net nedich wie, hearre ûnwierskynlik en ûnnatuerlik en falle út 'e toan by de rest fan it boek. Losse einen binne de man en de frou dy’t Fardou en Hilbrand op it mad komme, dy't fierder net wer yn it boek foar komme. En ik wie wol benijd hoe’t it ôfrûn mei de fal dy’t Hilbrand foar syn heit útset hie, mei in sabeare ôfspraakje mei de freondin fan syn heit. Wat dêr de útwurking fan west hat, komme we net te witten. Mar sokke stikjes binne seldsum yn dizze krachtige roman fan Willem Schoorstra. Mei it benearjende Swarte ingels fan – jawol, 240 siden – is er mei stip yn ’e Top Tsien fan ’e Fryske romanskriuwers bedarre. * Willem Schoorstra, Swarte ingels (Utjouwerij Frysk en Frij, Ljouwert 2004) 240 siden; priis 20 euro |