Sykje yn de site: | Wiidweidich sykje
wa | wat | wêr | wannear | ynlogge

Algemiene betingsten

Disclaimer

Sirkwy is in produkt fan Tresoar.

De meiwurkers fan Tresoar dogge alle war om de ynformaasje op Sirkwy flaterfrij oan te bieden en by de tiid te hâlden. Tresoar kin lykwols net oansprakelik steld wurde foar eventuele flaters of tekoartkommingen op Sirkwy, of oare konsekwinsjes dy’t it gefolch wêze kinne fan it brûken fan dizze site, mei ynbegryp fan de reaksjes fan registrearre brûkers fan de site. Oan de siden fan Sirkwy kinne gjin rjochten ûntliend wurde.

Sirkwy is by lansearring noch net hielendal klear; guon funksjes sille letter op de side oanbrocht wurde. De ynhâld wurdt hyltyd wer oanfolle en by de tiid brocht.

Opmerkingen dy’t ús helpe om de sirkwysiden te ferbetterjen binne wolkom op op ús kontaktadres ynfo@tresoar.nl.

 

Auteursrjochten
Neffens de Auteurswet is it net tastien om auteursrjochtlik beskerme produkten dêr’t de makker fan bekend is, sûnder foarôfgeande tastimming fan de rjochthawwers iepenbier te meitsjen en te fermannichfâldigjen. Op Sirkwy wurde sokke auteursrjochtlik beskerme produkten fan tredden publisearre (ôfbyldings, fotos, audio- en fideo-opnames, tekstmateriaal, ensafh.).
In tal rjochthawwers hat tastimming jûn om har produkten op de ynternetsiden fan Sirkwy beskikber te stellen. Dêrûnder alle rjochthawwers fan de teksten yn de Digitale Biblioteek en fan it byldmateriaal, foar safier bekend.

Fan histoaryk materiaal is it nammers net altyd nei te gean wa’t de rjochthawwers binne, of heart it ta it frije domein.

Mochten jo wat op Sirkwy oantreffe dêr’t jo fan betinken oer binne dat jo dêr rjochten oan ûntliene kinne, of dêr’t jo beswier tsjin ha dat it op Sirkwy stiet, dan wurde jo fersocht kontakt mei Tresoar op te nimmen, emailadres ynfo@tresoar.nl.

 

Húsregels

Brûkers fan Sirkwy binne wolkom om har te oppenearjen mei de reaksjemooglikhheid, in oardiel te jaan mei oantal pompebledsjes en om trefwurden ta te heakjen oan artikels.

Tresoar beskôget passanten en brûkers fan Sirkwy as syn gasten.

 

Om de gastfrijheid fan Tresoar nei alle besikers en de eigen ferantwurdlikheid as gasthear wiermeitsje te kinnen jildt it folgjende:  

* Skellerij en oare foarmen fan agresje binne net tastien, mei ynbegryp fan brûkersnammen dy’t gjin foech jouwe.

* Fan de gasten op de Sirkwy wurdt ferwachte dat sy respekt ha foar de oertsjûgingen fan de oare gasten, sa’t dy ta utering komme yn dy har ynbring.

* Heal ôfmakke reaksjes en ûnsin wurde fan Sirkwy ferwidere.

* Tresoar hat it rjocht om sûnder fierdere útlis of berjocht de ynbring fan gasten fan de site ôf te heljen.

 

Privacy

De gegevens dy’t brûkers ynfiere by it registrearjen fan in akkount sille net brûkt wurde foar oare doelen as dy’t gearhingje mei Sirkwy. Kommersjele tapassing fan Sirkwy is útsluten, sawol troch Tresoar as troch de brûkers, mei útsûndering fan de pod-boeken oanbean troch Elikser út namme fan TDE.

Jo kinne binnen Sirkwy jo gegevens feroarje en kieze wat troch oaren te sjen is en wat net.


[pleatst yn april 2010]

 

 

Literatuer foar it fuotljocht


KURSUSSEN 2016-2017  >>>

Gerben Abma 1932-2016 >>>


DS beneame advyskommisje
Gysbert Japicxpriis 2017 >>>




Boeken út Tresoar wei op 'e sweef
en reaksjes fan lêzers








Lês mear »

Lêste nijs


Wurdskat